Hea! fan 20 febrewaris 2017 17:35

Bein Brandsma fan Stynsgea hat in bysûnder bouwurk yn syn tún stean. De acht meter hege houten toer is in neitins oan syn ferstoarne frou. Sy hold ochsa fan túnkjen, mar Bein koe de tún net goed byhâlde. Dêrom sette hy de toer der foar yn 't plak. In jier hat hy der oan wurke, en no kin elkenien de toer bewûnderje.
Yn De Rottefalle meie se graach fiskje. En dêrby wurde ferskillende metoaden brûkt. Mar de fiskers kinne net alles fan elkoar wurdearje...

Túntoer

Bein Brandsma fan Stynsgea hat foar syn ferstoarne frou in bysûnder oantinken makke. Yn har tún stiet in acht meter hege houten toer.

Fiskje yn De Rottefalle

Yn De Rottefalle wurdt hiel wat ôffiske. De iene docht it mei in gewoane angelstôk, de oare is oan it 'vliegvissen'. It resultaat is ek hiel wikseljend.

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)