Hea! fan 20 febrewaris 2013

It is wer 'Help pake en beppe de fakânsje troch... ' wike, sa ek yn it gemeentemuseum fan De Jouwer. Dêr hawwe se dizze wike allegearre minsken mei in âld ambacht klear stean om de bern sjen te litten hoe't dat wurket. Sa is der in koperslagger, in drukker, in klokmakker en de man dy't sjen lit hoe't mei in grutte masjine teepûdsjes makke wurden.

Yn Goeie! is ûnder oan 'e dyk yn Sint Jabik in man drok dwaande mei it meitsjen fan in hikke. En yn Droegeham wurket Johan Hartholt al hast 25 jier yn de roazen. Mar wurde je dêr no ek romantysk fan?

Diel dit berjocht op:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei o/m tongersdei om 17.25 oere.
(advertinsje)