Hea! fan 20 desimber 2019 17:20

Yn St. Nyk fersoarget Stichting Sociaal Goud in krystdiner spesjaal foar iensume âlderen. In súksesfol projekt dêr't de âlderein in soargeleaze gesellige jûn hat, oaren moetet en it mei-elkoar wêzen sintraal stiet. Gauris ûnsteane hjir ek kontakten foar it libben.

En fan de Hea!-souder komt in reportaazje út desimber 2016. Sjongduo Ben en Ruurd wurkje oan harren karriêre mei spesjaal omtinken foar harren Krysthit. 

In gouden Krystdiner

Yn St. Nyk wurdt gesellich mei syn allen iten..

Fan 'e Hea! souder: Ben en Ruurd

Sjongduo Ben en Ruurd út Stiens hat in krystsingle makke: 'Navidad en la Costa Dorada'. De jonges dogge alles sels, sjonge, mikse, fideoklip meitsje... Se binne al draaid op 3FM, no hoopje Benjamin de Ruiter en Ruurd Woltring ek op bekendheid yn Fryslân.

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)