Hea! fan 20 desimber 2018 17:35

Geregeld wie hy as sjonger te hearren yn Boalsert: Evert Boersma, better bekind as 'de Paus fan Ljouwert'. Mar Evert hat besletten in punt te setten achter syn sjongerij, de optredens besoargje him tefolle stress. Syn ôfskiedskonsert hâldt hy yn de Primera-winkel yn Boalsert fan syn freon Niels Engelmoer. 

De karbidploech fan Terherne is al wer wakker oan it oefenjen foar Aldjiersdei, want dan barst it geweld wer los. Harren karbidkanon moat it fansels goed dwaan dy dei, dus wurdt der by in loadske op De Jouwer al even test.

De Paus fan Ljouwert

It lêste optreden fan Evert Boersma, 'de Paus fan Ljouwert' yn Boalsert. 

Karbidploech Terherne

De Karbidploech fan Terherne is al wer aktyf. 

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)