Hea! fan 20 desimber 2016 17:20

    It "frettenvrouwtje", sa wurdt Merlissa Goesten fan Skearnegoutum wol neamd. Merlissa is noch mar 20 jier, mar hat al wol har eigen frettehâlderij, of in 'frettery' sa't dat hjit. Se is dêrmei de iennichste yn it noarden. De belangstelling foar de bistjes groeit, Merlissa hat al bestellings foar frette-pups foar takom jier. Fretten ha noch it measte fan in murd, mar binne hânsumer en krûperiger. It kinne lykwols ek wol ûndogenske bistjes wêze.

    In protte binne der net mear fan, steds- of doarpsomroppers. It binne meast wat âldere mannen mei in lûde stim dy't it lêste nijs fan streek of buert op strjitte omroppe. Jan Sjoerd de Vries fan Snits is de útsûndering, hy is mei syn 40 jier de jongste stedsomropper fan Nederlân. Hy hat it fan syn heit Harmen leard, dy is stedsomropper fan Drylts. Heit is syn grutte foarbyld. Mar der is ek wol striid tusken de beiden as se meidogge oan it Nederlânsk kampioenskip stedsomroppers yn Snits.

    Frettery

    Merlissa Goesten (20) fan Skearnegoutum is de iennichste frettefokster yn it noarden. Se fokt mei langhierrige fretten yn ferskillende kleuren. De bistjes sjogge der skattich út, mar binne ek wolris ûndogensk.

    Stedsomroppers

    Heit en soan Harmen en Jan Sjoerd de Vries binne beide stedsomropper. Heit yn Drylts, soan yn Snits. Op it Nederlânsk kampioenskip foar stedsomroppers bine se de striid oan wa't it bêste, dúdlikste en orzjineelste syn stêd of doarp 'ferkeapje' kin.

    Hea!

    It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    (advertinsje)