Hea! fan 20 augustus 2013

Freonen Remco en Joran ride op harren skelters troch Wyns as wienen it écht leanwurkers. Mei in selsmakke heaskodder en in tonne mei lânbou-ark dogge se ûnderweis putsjes. Joran wol graach boer wurde, en oefenet it melken alfêst op in wol hiel aparte ko. It échte wurk gebeurt by pake, dy't oan 'e oare kant fan de Dokkumer Ie wennet. Mar gelokkich kinne de skelters ek op it pontsje.

Diel dit berjocht op:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei o/m tongersdei om 17.25 oere.
(advertinsje)