Hea! fan 2 maart 2017 17:35

    De Lanz Bulldog-trekker is de grutte hobby fan Sander Alma en syn soannen André en Klaas-Jan. De trekkerkes út de foarige iuw rinne op hast alle brânstof en meitsje in prachtich poffend lûd. Alle hokken om hûs hinne steane der mei fol. De Alma's binne der graach mei oan it sleuteljen en se ride der ek mei.
    Yn Stiens stiet Chris Hoekstra op syn frou te wachtsjen. Sy hat krekt in kursus realistysk skilderjen dien. Mar se hat net safolle ferlet fan de kamera...

    Lanz Bulldog-trekkers

    De Alma's fan Surhuzum sparje Lanz Bulldog-trekkers. Yn harren hokken steane meardere modellen fan it trekkerke út de foarige iuw.

    Goeie yn Stiens

    De frou fan Chris Hoekstra hat krekt in kursus realistysk skilderjen folge, en Hoekstra wachtet har op.

    Hea!

    It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    (advertinsje)