Hea! fan 2 maaie 2019 17:35

De bemanning fan pream Boereswel hat der sin oan: dit jier dogge se mei oan de preamsylkompetysje mei in nij skip. Under lieding fan skipper Sietse Bruinsma wolle se dit jier de top berikke. Oare silers neame harren wolris gekjeiend de 'Kukident-ploech', mar dêr lûke de 65plussers harren neat fan oan. Kampioen wurde is it doel. 

Jan Menger fan De Blesse hat in ymposante kolleksje militaria. As antikêr kaam hy al gau yn oanrekking mei oarlochsguod en sa stadichoan hat hy safolle dat hy der hast net mear tuskentroch rinne kin. Fan unifoarmen oant segrettedoaskes, alles oer de Twadde Wrâldkriich is yn syn winkel te finen. En dan binne der ek nochris tûzenen boeken oer de oarloch. 

Preamsile

It 65+ sylteam fan pream Boereswel. 

Militêr antyk

De kolleksje militaria fan Jan Menger fan De Blesse. 

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)