Hea! fan 2 maaie 2017 17:35

In groep stoere jonges út Easterein is in prachtige hutte oan it bouwen. En dêr kinne se gjin fammen by brûke. Wat se noch wol brûke kinne binne pallets en hout.
En trije froulju út Jistrum ha in praatsje oer de hage.

De hut fan Easterein

De stoere huttebouwers fan Easterein meitsje in 'mancave'.

Yoga yn Jistrum

Froulju yn Jistrum beprate de foardielen fan yoga foar de sûnens.

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)