Hea! fan 2 july 2020 17:20

Yvette Le Noble fan Boelensloane traint hûnen en harren baaskes yn in wol hiel bysûndere sport: frisbee foar hûnen. Neffens Yvette is it in sport dy't aardich is foar hûn en baas. Al 20 jier is se ferslingere oan dizze moaie sport.

Sa foar de simmer echt begjint moatte skiep wer út harren waarme wollen jas holpen wurde. En dan binne dêr Kees Brans en Ype van der Woude. De mannen skeare skiep foar harren berop en dat kinne se hiel rap. In reportaazje ut 2017. 

Heech yn 'e loft springe

Neffens Yvette Le Noble is frisbee foar hûnen in moaie sport foar hûn en baas

Skiep skeare

Kees en Ype helpe skiep út harren waarme jas.

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)