HEA! fan 2 febrewaris 2021 17:15

Waar of gjin waar, de nordic walking ploech kuieret alle moandeitemoarns troch de bosken fan Oranjewâld. Dat dogge se al goed 16 jier en se fine it allegear noch altyd it moaiste begjin fan de wike. Efkes troch de bûtenloft rinne en de lêste nijtsjes wurde noch efkes trochnommen.

It is der net echt de tiid foar, mar Jan de Boer fan Akkrum lûkt him dêr neat fan oan. Mei genôch klean oan, pakt hy by moai waar noch graach efkes syn Grouster skouke en siket it wetter op.. 

Nordic walking yn Oranjewâld

De moaiste start fan de wike

Goeie! yn Aldeboarn

Jan de Boer genietet fan syn Grouster skou

HEA!

Hea! is in programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(Advertinsje)