It is syn deistich kuierke, even by de brêge del. Ald-molkboer Gjalt Bosma fan Ryptsjerk sjocht alle dagen hoe't it giet mei de bou fan de nije, hegere brêge yn syn doarp. Sels hat er der jierren wurke, doe't de brêge noch draaiber wie. Doe kamen der noch reidsnijers, boeren en frachtfarders trochhinne. Bosma hat der net safolle ferdúsje yn dat de nije hege brêge wer in soad boatsjefarders lûke sil.
Folksdûnsgroep Kassandra fan Boalsert bestiet al 35 jier, mar libbet noch as in hert. De dielnimsters binne wol net mear de jongsten, mar se dûnsje noch fol fleur op muzyk út alle lannen.