Hea! fan 2 febrewaris 2016 18:20

De learlingen fan de Ekke de Haan-skoalle fan It Hearrenfean traine noch ien kear foar de Nasjonale Skoalklimkompetysje 2016. Se sille de striid oangean mei skoallen út it hiele lân.

Jan Bruinsma fan Earnewâld is 96 en it aldergelokkichst as hy lekker yn syn hokje oan it wurk is. Jan hat syn hiele wurklibben yn it hout sitten en noch hieltyd makket hy moaie dingen. Elke dei wer knutselet hy fan alles ynelkoar, wat te krijen hat mei it skûtsjesilen. Al dat moai makke guod komt yn it winkeltsje fan it Skûtsjemuseum yn Earnewâld te stean foar de ferkeap.

Diel dit berjocht op:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei o/m tongersdei om 17.25 oere.
(advertinsje)