HEA! fan 2 desimber 2021 17:15

Kees Boon is seis jier en wennet op it Poptaslot yn Marsum. Dat komt om't syn heit dêr bewarder is. It binne op dit stuit spannende tiden, want Sinteklaas komt útfanhúzjen op it slot, dus alles moat ekstra oppoetst wurde. Al mear as 100 jier komt Sinterklaas yn it doarp en dan sliept hy yn de âlde bedstede fan it kastiel.

Op de Himrik is fotografe Malou Hoogendoorn dwaande om in moaie foto-rige te meitsjen fan hynder Pimba. Eigeneresse Cynthia Veenstra hat har hynder net thús te stean, en wol hiel graach in moaie foto fan har oan de wand ha. Se binne al yn de bosken fan Beetstersweach west en no noch in shoot yn de bûtenbak.

Sinteklaas útfanhûs op it Poptaslot yn Marsum

Spannende tiden foar Kees, want de Sint komt. 

Goeie! op 'e Himrik

Hynder Pimba hat in echte fotoshoot

HEA!

Hea! is in programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(Advertinsje)