Hea! fan 2 april 2019 17:35

As it aaisikerstiid is makket Jorn Sikma (10) fan Aldtsjerk alle dagen wol efkes in slach troch it fjild mei syn heit Age. Dit jier fûn hy it earste ljipaai fan de jeugd. En yn De Grinzer Pein en omkriten is de 82-jierrige Theunes Ritsma alle dagen noch oan it wurk. Skjinmeitsje by de slachterij, guod útpakke by in ynterieurwinkel en de tún byhâlde fan in kennis. 

It fjild yn mei Jorn Sikma (10)

Jorn Sikma fan Aldtsjerk is al jierren yn it lân te finen mei syn heit Age om ljipaaien te sykjen en foar de neisoarch. "Aaisykje is gewoan hiel spannend!"

Ald wrotter Theunes Ritsma

It geheim fan Theun Ritsma om fit te bliuwen: moarns it brochje oerslaan, en dan jûns twa of trije jenever kola efteroer slaan.

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)