Hea! fan 19 novimber 2020 17:15

Fan alles hat hy der foar brûkt: brommerspeaken, in stik stofsûgerslang en de learen beklaaiing fan in bankstel. Theun Zuiderveld fan Feanwâlden hat 7 winters boud oan syn eigen draaioargel. En no stiet der in kompleet ynstrumint op de oprit. En ek de blêdmuzyk foar it draaioargel makket Zuiderveld sels. De leafde begûn by him al as lyts jonkje op de merke.

Geert Fopma fan Jorwert is al wat jierren pensjonearre, de soan hat it bedriuw oernaam. Mar hy mei noch altyd graach op de skiep passe. Hoewolt de jierren al wat begjinne te tellen, want de skiep binne him wolris wat oermânsk.

Selsmakke draaioargel

Theun Zuiderveld fan Feanwâlden hat sels in draaioargel makke. 

Goeie Jorwert

De Jorwerter Geert Fopma is al mei pensjoen, mar hy mei noch graach op de skiep passe. 

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(Advertinsje)