Hea! fan 19 novimber 2013 17:40

Leafhawwers fan droege woarst kinne net mear by slachter Ypie van der Zee fan Langsweagen telâne. Hy hat de winkel foar altyd tichtdien. Hea! kaam noch efkes del op ien fan de lêste dagen. It waard wol dúdlik dat de klanten har slachter misse sille.

Blombynster Jennie Slagter is by de lanlike wedstriid breidsboeketten skikke fjirde wurden. Se wurket op dit stuit by Blomke fan Romke yn Ljouwert. Har baas Sijmen is fansels supergrutsk op syn topblombynster.

Share this page on:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)