Hea! fan 19 maaie 2020 17:20

Frijwilligers Jos Rispens en André Spandauw nimme yn Noardburgum de yngong fan de grifformearde tsjerke ûnder hannen. De doarren koene wol in ferfke brûke. Der binne op't stuit gjin wyklikse tsjerketsjinsten yn it gebou. De mannen soene dêrmei wol graach wer begjinne wolle, mar dat hat al wat fuotten yn de ierde. Yntusken wurde de tsjinsten online folge.

It is in fergetten sport yn Nederlân. Sa'n 150 jier lyn wie kolfen krekt sa wichtich as fuotbal en hie Fryslân mear as 60 kolfbanen. Der binne no noch twa banen yn Fryslân. Ien dêrfan sit yn MFC Harspit yn Toppenhuzen. Hea! seach dêr yn juny 2015 by it iepen Frysk Kampioenskip kolven.

Tsjerke yn de ferve

Frijwilligers stekke de hannen út de mouwen by de grifformearde tsjerke fan Noardburgum. 

Kolfkampioenskip

Yn Toppenhuzen wurdt in Frysk kolfkampioenskip spile. 

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)