Hea! fan 19 july 2012

Yn Nijemardum is by it Kowemuseum in kealtsje berne. En net samar in kealtsje, it is in mini-ko. Alle kij hawwe in namme út Suske en Wiske. Dit kealtsje hat de namme Schanulleke krigen. It is noch mar in pear dagen âld, mar der wie lyk al in soad besite foar it bistje.

Yn Goeie! sitte twa froulju oan de kant fan 'e dyk oan it middeismiel. In alle rêst, oant it Hea! team ynienen tefoarskyn komt. De froulju fytse de Alvestêdetocht en binne oan it betinken wêr't se oernachtsje sille.

En út it Hea!argyf diskear de reportaasje oer Tjibbe de Jong. De Jong is in echte naturman. Hy hat troch de jierren hinne In hiel soad fûn yn 'e natuer, mar foaral in hiel soad bewarre yn syn hûs.Der is fan alles, fan wat minsken mar kwytreitsje ûnderweis oant skeletten en sa oan ta. (in werhelling fan 10 maaie 2012)

Diel dit berjocht op:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei o/m tongersdei om 17.25 oere.
(advertinsje)