Hea! fan 19 jannewaris 2021 17:15

Skipstimmerwarf "De Hoop" yn Warkum kin wol in opknapbeurt brûke, mar der is op dit stuit net genôch jild beskikber. De lêste hellingbaas is der yn july 2020 mei opholden en de belangstelling rûn werom. Mar dochs witte guon minsken de warf te finen en knappe harren boat dêr graach op. Roelof van der Werff is en fan de eardere hellingbazen en hy helpt wêr it mar nedich is.

Yn Snakkerbuorren treffe we Lodewijk Witteveen. Hy is alle dagen efkes in blok om mei de hûn fan syn soan. It is goed foar de hûn, mar ek foar Lodewijk. Beide moatte wat kilo's kwyt en kinne dus wol wat beweging brûke. 

Skipstimmerwarf "De Hoop"

Is in moai plak foar guon minsken om harren skipkes op te knappen.

Goeie! yn Snakkerbuorren

Lodewijk Witteveen lit alle dagen himsels en de hûn Pepper út. 

HEA!

Hea! is der wer yn septimber !! It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(Advertinsje)