Hea! fan 19 febrewaris 2020 17:20

Frijwilligers fan de Zadenbibliotheek Fryslân yn Ljouwert binne drok dwaande mei it ynpakken fan in ferskaat oan siedsjes fan blommen, grienten en krûden. Ynkoarten giet it seizoen foar it siedzjen wer los, dat eltsenien dy't lid wurdt, kin fergees sied helje. Yn hiel Fryslân binne no 18 punten dêr't je sied helje kinne. En fierderop yn Ljouwert wurdt fanatyk sporten: sân nichtsjes fan de famylje Adema sitte mei-inoar yn ien hockeyteam en omke Adema, dy coacht de fammen.

Zadenbibliotheek Fryslân

Jilles Leijstra fan Dokkum komt diskear ek del mei in grutte tas mei nij foarried oan sied. 

Sân hockeynichtsjes yn ien team

Pake en beppe Adema sjogge ek efkes om it hoekje om te sjen nei harren hockeyende bernsbern.

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)