Hea! fan 19 febrewaris 2019 17:35

Sa't minsken nei de toskedokter moatte, jildt dat foar hynders ek. En dan kinne se terjochte by hynstegebit-feearts Sanne Journée yn Wyns. Yn har praktyk oan hûs kin se in hiel soad gebitsproblemen by hynders oplosse. 

Hette Knijpstra hat in bysûndere sammeling NSU-motors en -brommers en ek noch sa'n 800 teeleppeltsjes. Syn kolleksje hat hy útstald yn it eardere gemaal-gebouke fan De Deelen. Dêr geniet Knijpstra ek wer fan de ferhalen fan de minsken dy't delkomme om de sammelingen te bewûnderjen. 

Hynstegebit-feearts

Feearts Sanne Journée fan Wyns is spesjalisearre yn de behanneling fan hynstegebitten. 

De sammelingen fan Hette Knijpstra

Yn it gemaal-gebouke fan De Deelen yn Haskerdiken steane de bysûndere sammelingen fan Hette Knijpstra. 

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)