Hea! fan 19 febrewaris 2018 17:35

Wat bart der nachts yn Fryslân at de measte minsken sliepe? Wa binne der noch warber en wat ha se by de ein? Hea! sjocht in wike lang yn de nacht en siket it út.
Taksysjauffeur Peter Dekema fan Harns fynt it net slim om nachts allinnich om te riden. En hy genietet fan de gesellichheid dy't de passasiers nachts mei harren meibringe. Wander van Dijk en Hessel Elsinga wurkje al mear as 30 jier nachttsjinsten by de NDC drukkerij. Sy soargje der foar dat de krante alle dagen wer op 'e matte leit. It nachtwurk hat op langere termyn dochs wol effekt op harren sûnens, ek al fine se it machtich moai om te dwaan.

Drukkerij

Wander van Dijk en Hessel Elsinga wurkje nachts op de drukkerij fan de NDC. 

Taksysjauffeur

De nachtlike ritsjes fan taksysjauffeur Peter Dekema fan Harns. 

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)