Hea! fan 19 desimber 2016 17:20

In meter as acht njoggen... sa fier komme de krystbeammen op it WK krystbeamsmiten yn Sint-Anne al gau. En it is noch in hiele keunst om sa fier te kommen, want in krystbeam goait net sa maklik. Tsientallen dielnimmers bite har stikken op de fierste ôfstân, en der is ek wol mear dat stikken giet. Sels sterke man Arno Louwsma mingt him yn de striid.

Hartekamp De Balhof yn Easterwâlde hat driuwend ferlet fan in nije bistefersoarger. Fêste fersoarger Pieter Kromkamp (74 jier) hat it sawat tweintich jier dien, mar is no ophâlden. It frijwilligerswurk wurdt no dien troch de minsken fan it bestjoer, mar dat falt net ta. Foarsitter Jannes Stoker is al 89 jier, en je moatte der wol alle dagen minstens ien kear hinne om de bisten te fuorjen. Mar it kampke mei de harten, strúsfûgels, kninen en geiten moat al iepen bliuwe fine se. Want elkenien yn de buert komt graach nei de bistjes te sjen.

WK-krystbeamsmite yn Sint-Anne

De krystbeammen fleane je om de earen by it WK-krystbeamsmite yn St.-Anne. De fiersten komme wol oer de tsien meter.

Hartekamp De Balhof

Wa helpt de bisten fan hartekamp De Balhof yn Easterwâlde út de brân? Der moat in nije bistefersoarger komme, want frijwilliger Pieter Kromkamp hâldt der nei hast tweintich jier mei op.

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)