Hea! fan 19 april 2018 17:35

It hat efkes duorre, mar it Kofschip is wer werom yn Wâldsein. Ea waard dit skip boud op de skipswerven fan Wâldsein en ferkocht oan ûnder oaren Ingelân en Denemarken. Mar dat is al wer hiel lang lyn. No is it skip dochs wer werom as libben keunstwurk. Alle skoalbern út Wâldsein bouden en flochten mei oan it Kofschip fan wylgetûken. En Hanke Hettema docht al 40 jier frijwillich alle blomskikwurk yn wensoarchsintrum It Bonifatiushûs yn Snits. Mar no wurdt se 80 jier en hâldt se der mei op. En dat fine de bewenners fan it wensoarchsintrum hiel spitich.

It Kofschip fan Wâldsein

It Kofschip is wer werom yn Wâldsein. 

Blomskikster Hanke Hettema

Hanke Hettema hâldt der nei 40 jier mei op. 

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)