Hea! fan 18 septimber 2019 17:20

Minsken yn de Ljouwerter wyk Camminghabuorren moatte net skrikke at se in frou yn de boskjes omspanen sjogge. It is de 46-jierrige Viktorija Oudman dy't ûnkrûd siket foar har smoothies. Sûnt fiif jier yt se allinnich noch mar rau, net bewurke iten. En Hea! seit goeie yn Sint-Jânsgea by skilder Bouwe Volbeda, dy't ek hannelet yn twaddehâns guod.

Unkrûd foar yn de smoothies

Goeie yn Sint-Jânsgea

Snypsnaren en skilderijkes. Bouw Volbeda út Sint-Jânsgea hat ienris yn de moanne allegear guod oan 'e dyk te keap stean. Guon saken binne troch himsels makke.

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)