Hea! fan 18 septimber 2017 17:35

    Frou Doet Popma fan Warten hat hûnderten poppen yn 'e hûs, en allegearre mei selsmakke kleantsjes oanklaaid. En ek nochris in hiel soad poppeweintsjes. De sliepkeamer en de souder steane der fol mei. Mar frou Popma is al op leeftiid, en de fraach is wêr't alle guod letter hinne moat.
    Alle moandeis rinne de freondinnen Itte Smink en Anneke Zoodsma in hiel blok om. Se binne bliid dat dat noch kin, want Anneke hat reuma. En dat hat har libben bot beynfloede. Yn har leauwen fynt Anneke in soad stipe.

    De poppen fan frou Popma

    It hûs fan frou Popma út Warten stiet fol mei har selsoanklaaide poppen. 

    Goeie Baaium

    De freondinnen Itte Smink en Anneke Zoodsma rinne in blok om by Baaium. 

    Hea!

    It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    (advertinsje)