Hea! fan 18 septimber 2013

Wyn en rein hawwe de famylje Groenhof fan Tsjerkgaast en harren freonen net tsjinhâlden om ôfrûne sneon op de Monumintendei op paad te gean mei in âlde terskmasine, in pear âlde trekkers en in karre mei nôt. De reis gie net fier, nei de mûne fan Sleat. De âlde terskmasine is noch fan foar de oarloch en hy wurdt noch mar ien of twa kear yn it jier brûkt. Se moatte dan earst wer efkes útfine hoe't it ek al wer wurket.

Share this page on:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)