Hea! fan 18 oktober 2018 17:35

It is in yllúster selskip. De bul, Plakkie, de dumny en Holleeder komme elke wike byelkoar by dartklup De Joet yn Ljouwert. Al mear as 20 jier bestiet dizze klup en de mannen darte mei in bierke, in lekkere snack en kinne ouwehoere as de bêste.

"Spin yn it web" Sietze van der Wal wurket al 47 jier yn it swimbad yn St. Anne. Hy kontrolearet de technyk yn it swimbad, is koördinator en jout ien hechte groep al mear as 40 jier les. Ynkoarten sil er mei pensjoen. 

Badmaster Sietze van der Wal

Van der Wal is al 47 jier badmaster en sil no mei pensioen.

De Joet

Alle wike in yllúster selskip yn de kantine fan SC Leovardia

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)