HEA! fan 18 novimber 2021 17:15

Foar Grietje Bouma fan Eanjum kinne de krystdagen net gau genôch begjinne. Har húskeamer stiet no al oan de kop ta fol mei krystbeammen en krystfersiering. Grietje sparret al mear as 30 jier krystfersiering fan eartiids. De âlderwetske ballen en hingers dogge har tinken oan de tiid by pake en beppe en by mem thús. Se lit alles dan ek stean oant febrewaris. En oant dy tiid komme de katten der net yn. 

Framerunning is in betreklik nije sport dy't it minsken mei in lichaamlike beheining dochs mooglik makket om hurd te draven. Yn Ljouwert wurdt it sûnt in pear jier dien op de atletykbaan en winters yn de seal. In groep entûsjaste bern is hjir dwaande ûnder lieding fan in fysioterapeut en sprtcoach. De jonge sporters brûke in op maat makke rinfyts mei in boarststeun en trije tsjillen, ien foar en twa oan de sydkanten. 

Krystdagen fan novimber oant febrewaris

By Grietje Bouma yn Eanjum stiet it hûs no al fol mei krystfersiering. 

Framerunning

Mei de sport framerunning kinne ek bern mei in lichaamlike beheining lekker hurddrave en bewege. 

HEA!

Hea! is in programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(Advertinsje)