Hea! fan 18 novimber 2020 17:15

By Prodak yn Drachten wurkje minsken mei in ôfstân ta de arbeidsmerk. Alle dagen komme der konteners fol mei âlde argiven binnen dy't ferneatige wurde moatte. Se hawwe de grutste wille mei-inoar. Der binne sjongers, moppetappers en der is in grut SC Hearrenfean-fan.

Marije Galema wurket by de berne-opfang yn Deinum. Se hat it bot nei de sin op har wurk en wurdt altyd tige bliid fan de bern. As se in dei op de berne-opfang is, dan liket de wrâld mei corona even fier fuort.

Papier fersnipelje

De wurknimmers fan Prodak yn Drachten sitte alle dagen tusken de papiersnippers.

Goeie yn Deinum

Hea! seit Goeie tsjin Marije yn Deinum

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(Advertinsje)