Hea! fan 18 novimber 2015 18:20

De ôfdieling kardiology fan sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten giet op bootcamp by Klaas Struiving. Dat hat ferpleechkundige Karolien Mook betocht. Sy fynt dat dokters en ferpleging it goeie foarbyld jaan moatte. As de pasjinten op harren ôfdieling komme, dan jouwe se allegearre advizen sadat de pasjinten nei behanneling in goeie libbensstyl oanrikt krije. Mar hoe sit it mei harren eigen libbensstyl?

Wolter Klijnstra fan Oranjewâld hat in passy foar it âlde boereguod. Hy hat fan syn 14e jier ôf by de boer wurke, mar nei 28 jier wie dat klear en dat fûn er tige spitich. No sammelet en reparearret Wolter alwer 20 jier allerhande âld boere-ark.

Share this page on:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)