Hea! fan 18 maart 2019 17:35

It leafste boartsje se bûten en timmerje fan alles. Pieter Dijkstra en Daniël Hietkamp fan Twizelerheide binne echte bûten-jonkjes. En mei harren selsmakke karre, 'it buske fan de baas', geane se alle dagen even by pake en beppe del foar wat lekkers. 

Mei tsien hûnen bûten rinne is foar Douwe van der Werf fan Hurdegaryp gjin probleem. Van der Werf is hûne-oppasser foar minsken dy't oerdeis wurkje of in pear dagen fuort moatte. De bisten rinne ek gewoan by Douwe thús yn'e hûs om. 

'It buske fan de baas'

Pieter en Daniël út Twizelerheide boartsje hast alle dagen bûten mei harren selsmakke 'buske fan de baas'. 

De hûne-oppasser fan Hurdegaryp

Douwe van der Werf fan Hurdegaryp past by him thús op wol tsien hûnen tagelyk op. 

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)