Hea! fan 18 maart 2015 18:20

Neffens de bern fan basisskoalle De Reinbôge yn Burgum binne der oer fyftich jier gjin skoallen mear, ride we yn auto's dy't fleane kinne en ite we ynsekten. De kristlike skoalle yn Burgum bestiet dit jier 150 jier en dat wurdt grut fierd. Sa bouwe de bern tiidmasines en binne se drok mei de takomst.

Jan Arjen Dijkstra fan Snits is berne mei spina bifida, in iepen rêch. Hy hat ien grutte hobby: boeken skriuwe. Jan Arjen hat no tolve boeken skreaun en hy fiert yn april syn jubileum as skriuwer.

Share this page on:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)