Hea! fan 18 maaie 2020 17:25

No't se noch net alle dagen nei skoalle hoege, ha Tjisse, Sven en Klaas it moai oan tiid om te fiskjen. Foaral Sven kin it goed, hy hat it fan syn pake leard. Tjisse hâldt ek in soad fan hurdfytsen, mar wat wolle je ek at je famylje fan Pieter Weening binne. En de muzyksmaak fan de jonges is dúdlik: De Hûnekop!

Kapster Esther Bouma seach jierren lyn yn Hea! in reportaazje oer de doe 88-jierrige kapper Nip fan Appelskea. En se wie fuort fereale op syn kapperssaak, dêr't alles noch by it âlde wie. Nei de dea fan Nip krige Esther syn hiele kappers-ynventaris. Oan de Vijzelstrjitte yn Ljouwert boude se alles wer op, krekt sa't it by Nip ek wie. In reportaazje út juny 2015.

Fiskje by Droegeham

Klaas, Tjisse en Sven binne te fiskjen by Droegeham. 

Alderwetsk knippe

Yn de kapperssaak fan Esther wurde allinne mannen knipt en skeard. 

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)