Hea! fan 18 maaie 2015 18:20

    Dy't it moai hawwe wol, moat pine lije. Dat jildt seker foar de manlju dy’t gek binne fan kaktussen en fetplanten. Se meitsje de kas yn de Bosk fan Ypey by Tytsjerk wer klear foar de simmer. En dat is dochs wol in gefaarlik putsje.

    Kikkertsfiskjes en goudfisken yn in buis yn 'e fiver. Dat hat de famylje Hempenius yn Burgum. Foaral jûns as it wetter waarm wurden is, is it in pracht om te sjen. En it grutte foardiel: wurdst der sa lekker rêstich fan.

    Hea!

    It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    (advertinsje)