Hea! fan 18 july 2012

De bern fan groep 4 fan de basisskoallen yn 'e gemeente Boarnsterhim wenje dan wol net fier fan it wetter ôf, dat wol net sizze dat se noch net in sylleske brûke kinne. Sile, peddelje, knopen lizze - it heart der allegear by. En miskien krije se der sa ek wol aardichheid oan.

En út it Hea!-argyf:
Yn Warten treffe wy Koos út Súd-Hollân. Hy is ûnderweis op 'e fyts. Dat falt net ta troch de hurde wyn. Koos hat der moarns alwer 30 kilometer opsitten en dan hawwe je wol in drankje fertsjinne.

Yn Wâldsein is Wout Bijlsma drok dwaande mei syn obsesje:"myn lust en myn leven", syn sleepboat. Frou Annet moat him wolris delbêdzje, want foar Wout is syn boat syn alles. Oan board geane je werom yn 'e tiid. (in werhelling fan 15 maaie 2012)

Diel dit berjocht op:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei o/m tongersdei om 17.25 oere.
(advertinsje)