Hea! fan 18 jannewaris 2018 17:35

    Ek al binne se beide pensjonearre, Nico Tilstra en Willem de Jong wurkje beide noch graach bûten yn it reid. De mannen snije it reid by Earnewâld, en genietsje fan it bûtenwurk. En sporte hoecht sa net mear, want se krije beweging genôch. 

    Echte bikkels diene mei oan it Frysk kampioenskip iisswimmen yn it bûtenswimbad fan Stiens. Under de dielnimmers ek de Olympysk swimkampioen Maarten van der Weijden. Hy docht mei om omtinken te krijen foar syn Alvestêdeswimtocht dy't er fan 't simmer dwaan wol. Maarten fynt it wetter wol hiel kâld. Mar dochs wurdt hy de nije Frysk kampioen op de 500 meter!

    Reidsnije

    De pensjonearre reidsnijers fan Earnewâld. 

    Iisswimmen

    It iepen Frysk kampioenskip iisswimmen yn it bûtenswimbad fan Stiens. 

    Hea!

    It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    (advertinsje)