Hea! fan 18 febrewaris 2019 17:35

Hanny Welles - de Vries fan Aldeberkeap is 90 jier, mar noch altyd aktyf bij de pleatslike kuorbalferiening Lintjo. Se wasket al mear as 35 jier de shirts fan de teams. De  bern komme de tassen mei skjinne shirts elke sneon sels opheljen, en dat is net allinnich foar de gesellichheid. 

Jan Rinzema fan Feanwâlden hat in kreative geast en is faak op it Waad te finen.  Dêr fynt hy fan alles. En fan alles wat de see werom jouwt makket hy bysûndere fûgels. En de fûgels fertelle in ferhaal. 

De kuorbalbeppe fan Aldeberkeap

Hanny Welles - de Vries wasket al mear as 35 jier de shirts fan kuorbalferiening Lintjo

De fûgels fan Jan

Harnser Jan Rinzema makket fan alles wat hy op it waad fynt, de moaiste fûgels. 

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)