Hea! fan 18 desimber 2017 17:35

In lytse 20 jier ha se der mei fearn, mar no is it tiid om ôfskied te nimmen. De famylje Middelkoop fan Ritsumasyl hat harren rûnfeartboat De Middelzee ferkocht. De jierren begjinne te tellen foar kapitein Jaap en syn frou Marjan. It lêste fartochtsje mei ek de dochters mei oan board giet nei de nije eigener op De Skâns.
De drones fleane je om de earen yn de sporthal op De Jouwer. Dêr is it Frysk kampioenskip dronefleanen foar basisskoallebern. De bern stride fol fjoer, en de drones en hindernissen binne ek noch troch harren sels makke.

Rûnfeartboat Middelzee

De lêste fartocht fan rûnfeartboat Middelzee. 

FK Dronefleanen

It Frysk kampioenskip dronefleanen foar basisskoallebern. 

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)