Hea! fan 18 april 2016 18:20

By de Skotske Heechlanners yn Snits is in kealtsje berne. As frijwilliger fan de gemeente Súdwest-Fryslân hat Ype van der Werf de taak om op de Heechlanners te passen. Ype is o sa wiis mei dit nije libben yn syn keppel.

De ploech frijwilligers fan de wettersportferiening Snits is alle freedtemoarnen warber op it starteilân. Want dêr moat alles wer klear makke wurde foar it nije farseizoen. Sa ha de boaten en it terrein ûnderhâld nedich en wurdt it kluphûs himmele en op 'e nij ynrjochte.

Share this page on:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)