Hea! fan 17 septimber 2019 17:20

Eduard Kerstiens hie al jierren it bysûndere plan om in Sineeske jonk te bouwen. Hy ferhúze dêrfoar fan Amsterdam nei Dokkum, om't dêr de iennichste loads stiet dêr't it gefaarte ynpast. Eduard genietet alle dagen op syn skip: "der giet neat boppe it farren yn in boat, dytsto sels bouwd hast".   

It is feest by wensintrum Swettehiem yn Ljouwert ! Foar it fierde jier wurdt der foar de bewenners mar ek foar de senioaren yn de wyk Westeinde in moai feest organisearre. Dit jier hat in Hollansk tema en Hea! komt ek noch wat âlde bekinden tsjin.

.

In Sineeske boat

Yn Dokkum bouwd Eduard Kerstiens syn eigen boat.

Feest yn Swettehiem

Ald Hollansk feest yn wensintrum Swettehiem yn Ljouwert.

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)