Hea! fan 17 septimber 2014 18:20

Elke freedtejûn is in tal ynwenners fan Peazens Moddergat oan it roeien op de Waadsee by Lauwerseach. En dat dogge se net yn de earste de bêste boat, mar yn de eardere rêdingsboat De Buma. Dizze boat die tsjinst by de kust fan Moddergat fan 1911 oant 1942, mar waard oerstallich doe't Skiermûntseach in rêdingsboat mei motor krige. Trije jier lang is wurke oan de restauraasje fan De Buma. De ynwenners fan Moddergat hoege no gjin minsken mear te rêden mei har rêdingsboat, mar se ha al in oar doel: meidwaan mei de HT-race yn 2015.

En Hea! seit Goeie yn Hartwert.

Diel dit berjocht op:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei o/m tongersdei om 17.25 oere.
(advertinsje)