Hea! fan 17 septimber 2013

Yn soarchsintrum Suderigge yn Lemmer wennet frou Else Meijer. Se dielt har keamer mei har pappegaai Charly. Frou Meijer is tige wiis mei Charly en ek hiel bliid dat hy by har wenje mei yn Suderigge. Ek de oare bewenners fan it soarchsintrum sjogge en hearre Charly ek graach. It is in echte sjarmeur sizze se, hy fluitet en praat... Mar at de Hea! kamera yn 'e buert is lit Charly him net hearre fansels.

Diel dit berjocht op:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei o/m tongersdei om 17.25 oere.
(advertinsje)