Hea! fan 17 oktober 2019 17:20

By popkoar UniQ fan Ljouwert sjonge se ferskes dy't in oar koar net sjongt. En dat binne de ferskes dy't dirigint Rinke Schroor sels skriuwt. Hy stiet al 37 jier as dirigint foar ferskate koaren, mar wie wol klear mei al dy covers. Rinke is ferskes-skriuwer en komponist en skriuwt oer it libben. De koarleden fiele harren ferbûn mei dizze muzikale en unike man. 

Joop Schut is 96 en fermakket him noch prima yn it libben. Hy puzzelet en lêst graach, mar kin seker net sûnder syn biljertklup. Dêr sitte syn bêste maten en hy docht noch altyd mei yn de kompetysje.

Popkoar UniQ

Sjonge wat in oar net sjongt.

De âldste biljerter fan Fryslân

Joop Schut is noch tige aktyf.

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)