HEA! fan 17 novimber 2021 17:15

Freed is dé dei fan de 'Floggende Moekes' Elly Leijstra en Hilly de Jong. De froulju gean hearlik te kuierjen en ûnderweis meitsje se filmkes fan harren aventoeren. It jout de froulju in soad positive enerzjy en dat kinne se goed brûke. Wouter Holtewes fan Eanjum ferfeelt him gjin dei. Alle dagen binne der wol putsjes yn en om 'e hûs hinne. Yn 'e hûs hat er allegear âlde lampen. "It begûn mei trije, mar no binne it der sa'n hûndert."

Floggende Moekes

Doe't Elly in harsentumor krige, rekke se yn de mineur. Freondinne en âld-kollega Hilly frege har hoe't se de fleur der wer wat yn krije koenen. "Foar ús beide is dit in dei wurden mei in gouden râne."

De lampen fan Wouter

De sammeling âlde lampen bringt Wouter Holtewes wat sfear en waarmte yn de kâlde moannen. "Ik bin ek mar allinnich." Foar de leafde stiet Wouter noch altyd iepen en hy hat der ek wol wat foar oer. "As der in geskikte frou is, dan gean de lampen nei de garaazje."

HEA!

Hea! is in programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(Advertinsje)