Hea! fan 17 novimber 2020 17:15

Ein augustus is hy al úteinset te bouwen. En yntusken stiet de helte fan de wenkeamer fan heit en mem fol. Dennis Hobma (25) fan Harns is gek op Krysthúskes. As bern al. En dy leafhawwerij is yntusken útgroeid ta in folslein Krystdoarp mei alles der op en der oan. Twaenfjirtich dagen, acht oeren deis wie er mei de foarstelling fan dit jier dwaande. En yntusken tinkt Dennis al wer oan wat hy oare jier allegearre meitsje sil.

Kappers fine je op eltse hoeke fan de strjitte, dus om op te fallen moatte je wat oars betinke. Kapper Rabii Mokdad knipt dêrom út in Aistreamer-karavan wei. Dat is in Amerikaanske sulverkleurige caravan mei in streamline bûtenkant. Earst woe Rabii mei syn mobile kapsalon foaral op festivals en konserten stean, mar corona kearde dat op. Dêrom stiet de kapper mei syn caravan no rûnom yn stêden yn it Noarden.

Krysthúskeamer

It Krystdoarp fan Dennis Hobma fan Harns beslacht in heale wenkeamer. 

Airstreamkapper

Rabii Mokdad knipt út in Airstream-karavan wei. 

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(Advertinsje)