Hea! fan 17 novimber 2011

Fersierde fytsen yn Damwâld
De learlingen fan basisskoalle dr. J. Botke yn Damwâld sammelje jild yn foar it Thomashûs, in hûs der't minsken mei in ferstanlike beheining wenje. It Thomashûs wol graach in nije elektryske duofyts. Om de bern dúdlik te meitsjen wat in duofyts is en hoe't in Thomashûs der út sjocht, gongen se op har eigen fersierde fyts derhinne.

Goeie!
Jan Willem Hoeksma fan De Pein rommet de bledsjes op yn 'e tún. Hy krijt dêrby help fan syn soan, mar dy rint him mear foar de fuotten as dat it wat opsmyt.

Diel dit berjocht op:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei o/m tongersdei om 17.25 oere.
(advertinsje)