Hea! fan 17 maart 2012

    Op de pleats fan de famylje Boersma yn Feanwâlden sitte se eins it hiele jier yn 'e lammen. Ek no rinne der wer hiel wat om. In soad wurk, mar dêr rêde de bern harren skoan mei. De tsientallen wouterkes wurde fuorre, ûnder oanfiering fan de 10-jierrige Sippy.

    Yn de kringloop fan Boalsert komme je minsken tsjin dy't dêr eltse dei omsneupe. It is foar harren altyd wer in hiele ûntdekkingsreis.

    Hea!

    It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    (advertinsje)