Hea! fan 17 maaie 2018 17:35

Tachtich jier, mar noch like fanatyk as wat: Anneke van der Ploeg fan Broeksterwâld follyballet noch alle wiken. En se kin noch goed meikomme, al moat se al wat om de knibbels tinke. Mar it follybaljen wol frou Van der Ploeg net misse, want de gesellichheid en de sosjale kontakten telle ek mei.
Yn it briedseizoen binne se der alle sneintemoarnen ierebetiid by: in freoneploech út Aldwâld lûkt dan it fjild foar de neisoarch. De dei begjint mei kofje yn de fûgelsjochhutte, om dêrnei de nêsten te registrearen en mei stokken oan te merken. En ûnderwilens wurde de belangrike saken yn it libben bepraat: fuotbal, fûgels en froulju.

Neisoarch

Alle sneintemoarnen lûkt in freoneploech út Aldwâld it fjild yn te neisoarch. 

Follybalfrou

Anneke van der Ploeg út Broeksterwâld is tachtich, mar follyballet noch alle wiken. 

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)